Man mei wapen en drugs pakt

06 aug 2010 - 10:41

Yn Drachten hat de plysje tongersdei in 37-jierrige man út Bûtenpost oanhâlden om't er in wapen en drugs by him hie. Plysjes seagen de fertochte op de Ringwei riden en wisten dat hy socht waard foar in iepensteande boete. Doe't se de man fan de dyk ôf hellen waard in slachwapen yn syn auto sjoen. Boppedat hie hy in tal XTC pillen en in fleske mei GHB by him.

It wapen en de drugs binne yn beslach naam. De man hat de iepensteande boete fan 600 euro betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)