Man mei stellen guod oanhâlden

29 mrt 2010 - 09:50

In man út Surhústerfean is sneintenacht oppakt omdat de karre achter syn auto fol siet mei nei alle gedachten stellen boumateriaal. De plysje tinkt dat er it guod ferhannelje woe. De man ried om in oere as fjouwer op de Van Harinxmastrjitte yn Koatstertille.

Omdat de ljochten op de karre it net diene waard de man oanhâlden. Doe't de plysje him frege wêr't er de boumaterialen wei hie, koe er dêr gjin antwurd op jaan. De man sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)