Man mei stellen auto pakt

22 apr 2014 - 10:09
  • Plysjekontrôle

In 21-jierrige man út Lelystêd is moandeitejûn yn Twellingea oanhâlden, omdat er yn in stellen auto ried. De man kaam op de A7 by in apparaat del dat automatysk kentekens werkenne kin. De plysje gie achter de man oan en kaam him by Snits op it spoar.

By Twellingea waard de auto oan de kant set. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)