Man mei stellen auto oppakt

02 jan 2011 - 12:44

In Ljouwerter (38) is sneontenacht oanhâlden. De plysje seach dat de man mooglik ûnder ynfloed yn in auto fuortride woe. Hy negearde ferskate stoptekens. Doe't er klemriden waard, koe er oanhâlden wurde. It die bliken dat de man de auto middeis stellen hie. Hy hie yn in hûs yn Hurdegaryp ynbrutsen en de kaai fan de op it hiem parkearde auto meinaam. De man is ynsletten. Yn de auto is kokaïne fûn.

In ynwenner (77) fan Tytsjerk hat oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)