Man mei speed en GHB trappearre op It Hearrenfean

14 jul 2015 - 11:04
  • GHB

In 24-jierrige man fan De Gordyk is moandeitemiddei oan de Beugel op It Hearrenfean trappearre mei drugs. Plysjeminsken seagen dat de man him fertocht gedroech en hawwe him kontrolearre.

Doe die bliken dat de Gordykster twa fleskes mei GHB en tweintich gram speed by him hie. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)