Man mei slok op naait út

25 des 2007 - 13:22

De plysje hat yn de krystnacht nei in efterfolging in Gordykster autobestjoerder(27) oanhâlden. Plysjes seagen dat de man op de Haadstrjitte yn syn wenplak tsjin de rydrjochting ynried en woe him oanhâlde.

Dat slagge net want de autobestjoerder gie der hurd fan troch. Nei in koarte achterfolging waard de man fûn by in parkearplak, dêr't er yn 'e boskjes lei. Hy hie te folle dronken, der is proces-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)