Man mei slangen krijt ûngelok

27 okt 2006 - 10:37

By in iensidich ûngelok yn it Limburchske Heel is tongersdeitemoarn in 27-jierrige Ljouwerter ferwûne rekke. Hy hie yn de laadbak fjouwer slangen. De man rekke beknipe en moast troch de brânwacht befrijd wurde.

De man wie op reis mei in Belgysk sirkus en rekke yn de bocht de macht oer it stjoer kwyt. Hy botste tsjin in skuorre. Hy ferfierde trije tigerpytons en noch in oare slang. De man is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)