Man mei sinesappelkanon pakt

11 apr 2011 - 12:50

De plysje hat sneintejûn alle oanwêzigen yn in kroech oan de Merk yn Dokkum fûilleard nei in melding dat in groep manlju mei in swier wapen oer strjitte rûn. De manlju wiene in kroech yngien. De plysje naam gjin risiko en liet de besikers ien foar ien nei bûten komme. Nei kontrôle waard gjin wapen oantroffen.

Yn de auto fan in man (23) út Twizelerheide waard wol in selsmakke sinesappelkanon oantroffen. De man waard oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)