Man mei pistoal yn 'e auto?

27 mrt 2004 - 00:00

De plysje hat freedtemiddei op de rûnwei by Snits in man oanhâlden om't dy mei in pistoal yn de hannen yn syn auto ried. Alteast dat tocht de plysje nei in tip fan in frou. Nei't de man troch fiif alarmearre plysje-auto's klem riden wie, kaam de plysje der achter dat it pistoal in skearapparaat wie.

It die bliken dat de man him ridendewei skeard hie en dat de frou it apparaat foar in pistoal oansjoen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)