Man mei opsetsin oanriden

11 feb 2011 - 09:44

De plysje fertinkt in ynwenner (52) fan It Hearrenfean fan swiere mishanneling. De man soe tiisdei in meiwurker fan in winkel oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert mei opsetsin oanriden ha. Dat wie doe't de man mei syn auto besocht út te naaien neidat er betrape wie op stellerij.

De winkelmeiwurker besocht him tsjin te hâlden en rekke ferwûne. Hy moast oerbrocht wurde nei it sikehûs. De plysje koe de fertochte in dei letter nei ûndersyk oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)