Man mei nepwapen oppakt

14 okt 2008 - 10:23

De plysje hat moandei op Achter de Hoven yn Ljouwert in 25-jierrige ynwenner fan dy stêd oppakt. De plysje die dat nei in melding dat de man mei in wapen omrûn.

Doe't de Ljouwerter troch de plysje oanhâlden waard hie er it wapen net mear by him. Dat waard letter yn de buert fûn, it die bliken dat it om in nepwapen gong. By de syktocht waard ek in stiletto fûn. De plysje giet der fanút dat dat ek fan de oanhâlden man is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)