Man mei mes op skoalplein fêst

18 des 2012 - 17:31
  • mr. Daan Keur

It Iepenbier Ministearje wol dat de man dy't mei in mes in skoalle binnenkringe woe en troch de plysje delsketten waard, wer fêstset wurdt. De ynwenner fan Sweagerbosk wie earder frijlitten ûnder betingst dat er him behannelje lit by de GGZ. Mar dêr soe de man him net oanhâlde. De man, dy't yn skieding lei my syn eks, ried hast trije jier lyn nei de skoallen fan syn bern op It Hearrenfean. Hy woe mei in grut mes de skoalle yngean. Plysjeminsken skeaten de man del dy't sa oerstjoer wie dat er himsels fan kant meitsje woe.

Hy hat trije jier selstraf krigen. Acht moanne lyn is er frijlitten, ûnder betingst dat er terapy folgje soe. Mar dêr hat er him dus net oan holden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)