Man mei mes bedriget bern op skoalplein yn Ljouwert

23 des 2015 - 20:11

De plysje fan Ljouwert siket in man dy't woansdeitemiddei bern op in skoalplein yn Camminghabuorren mei in mes bedrige hat. De man soe ek in hûn by him hân hawwe. 

Wêrom de man de bern mei in mes bedrige hat, is net dúdlik. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)