Man mei harddrugs oppak

20 nov 2011 - 14:52

    De plysje hat sneontenacht in 26-jierrige man út Frjentsjer oanhâlden dy't der fan fertocht wurdt te hanneljen yn harddrugs. De plysje pakte de man op by in aksje om drugs op it spoar te kommen yn Frjentsjer en Harns. De hûn dy't de plysje by him hie, sloech oan by de man op de Voorstraat yn Frjentsjer. Hy hie fiif wikkels harddrugs by him en in jildbedrach.

    De man is meinommen nei it plysjeburo. De drugs binne yn beslach nommen. By njoggen oaren waarden softdrugs fûn. Sy mochten nei ferhoar wol wer nei hûs ta.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)