Man mei flinter- en nitraatbommen oanholden

01 des 2014 - 12:04
  • Nitraatbommen

In 38-jierrige Ljouwerter is freedtejûn yn de Willem Lodewijkstrjitte oanholden om't er yllegaal fjoerwurk by him hie. De man ried yn syn auto doe't er troch de plysje kontrolearre waard. By de kontrôle waard it fjoerwurk fûn. De Ljouwerter hie tsien flinterbommen en fjirtich nitraatbommen by him. De man is meinaam nei it buro.

Nei't er in proses-ferbaal krigen hie, is er wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)