Man mei flesse op holle slein

05 apr 2009 - 14:05

In Snitser (21) is yn de nacht fan sneon op snein yn inoar slein by it stellen fan in fyts. De man ried mei syn freondinne oer de Napjesstrjitte doe't se dêr oansprutsen waarden troch in 26-jierrige plakgenoat.

Dy sei tsjin de frou dat er har fyts har woe. Dat wegere sy, wêrnei't in fjochtpartij ûntstie. De 21-jierrige waard dêrby mei in flesse op de holle slein. Hy moast nei it sikehûs. Oan de hân fan tsjûgen koe de dieder letter yn syn wenhûs oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)