Man mei fjoerwapen oppakt op It Hearrenfean

03 mrt 2015 - 22:34
  • Fjoerwapen

De plysje hat tiisdeitejûn op It Hearrenfean in 53-jierrige man út Harns oppakt om't er in trochladen pistoal by him hie. De plysje krige in tip oer in auto mei in man deryn dy't op it bedriuweterrein IBF stie. Neffens de melder hie de man in wapen by him. Doe't de plysje by de auto kaam, lei de man te sliepen. De Harnzer sei dat hy gjin wapen hie, mar doe't de plysjes syn klean ûndersochten, fûnen se it pistoal. De man moast ek noch in boete betelje. Hy sit fêst. It wapen is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)