Man mei drugs yn auto oppakt

01 des 2012 - 12:14

De plysje hat freedtemiddei op it binnenplein fan it plysjeburo yn Drachten in automobilist (31) út Drachten oanhâlden op fertinking fan it besit fan harddrugs. De man wie meinaam nei it buro fanwege de donkere ruten yn syn auto. Op it buro waard dúdlik dat de ruten yndied te donker wiene en dat de man syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wie. Yn de auto fûn de plysje fiif pûdsjes mei drugs, wierskynlik speed. De drugs binne yn beslach nommen en de bestjoerder is foar neier ûndersyk ynsletten. Hy krige in bekeuring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)