Man mei drugs op achter it stjoer oanholden

05 jun 2015 - 10:28

In 20-jierrige automobilist út Jobbegea is tongersdeitejûn syn rydbewiis kwyt rekke om't der mei drugs op achter it stjoer siet. De plysje sette de man op de Hendrik de Voswei oan de kant. Doe't de man it rútsje iepen die, rûkte de plysje in sterke drugslucht. De man hie ek noch in pear pûdsjes mei softdrugs yn de auto lizzen. Der is in bloedproef ôfnaam en der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)