Man mei drugs oanholden

20 feb 2006 - 10:23

In 19-jierrige Ljouwerter is snein meinommen nei it plysjeburo om't er drugs en in mes by him hie. De man siet yn in auto dy't kontrolearre waard om't de bestjoerder te hurd ride en der in achterljocht stikken wie.

De bestjoerder koe him net legitimearje en naaide út. De 19-jierrige hie njoggen boltsjes coke by him en in mes. Hy is oanhâlden. De auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)