Man mei boksbeugel oanhâlden yn Aldhoarne

17 mrt 2015 - 10:13

De plysje hat moandeitejûn in 26-jierrige ynwenner fan de gemeente Smellingerlân yn Aldhoarne oanhâlden. De man waard op de Skoatterlânskewei oan kant setten omdat hy gjin autogurdle droech. De plysjes seagen yn de auto in boksbeugel lizzen. It ferbeane wapen is yn beslach naam.

Op it plysjeburo is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)