Man mei alkoholslot yn berop

10 jan 2012 - 18:09

De 41-jierrige man dy't as earste Fries in alkoholslot yn syn auto krijt, giet yn berop. De man hat noch net foar de rjochter west, mar it Centraal Bureau Rijvaardigheid fynt dat de man net mear sûnder alkoholslot ride mei. Hy is net earder mei drank op achter it stjoer pakt. Nei syn oertreding naam de plysje syn rydbewiis yn, mar dat hat er fan de rjochtbank al werom krigen omdat er it foar syn wurk nedich hat. Syn advokaat fynt dat sa'n yngripende maatregel allinne troch de rjochter oplein wurde kin. Ek fynt er dat de kosten yn ferhâlding te heech binne.

Dy binne foar de fertochte sels: mei-inoar kostet it slot de man 3500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)