Man mei 174 boltsjes coke pakt

17 jul 2009 - 10:30

Yn Snits is tongersdei in man (21) út Lelystêd oanhâlden. Hy hie 174 boltsjes kokaïne by him. De man ried op in skooter oer de Gedempte Pol en waard troch surveillearjende plysjes oanhâlden. Hy hie gjin rydbewiis by him en joech in falske namme op. It kenteken kloppe ek nochris net mei de skooter.

De man út Lelystêd en syn byrider binne doe meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat de man in hiel soad boltsjes kokaïne by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)