Man lit spultsje sjen oan 17-jierrich famke yn Ferwâlde

09 sep 2015 - 10:21

In 51-jierrige man út Koudum is tiisdeitemiddei oanhâlden nei't hy syn spultsje sjen litten hie. Neffens in 17-jierrich famke gie de man op in bankje op de Seedyk yn Ferwâlde sitten en fertoande hy ûnseedlik gedrach.

It famke belle fuortendaliks de plysje. Dy hat de man oanhâlden en mei in proses-ferbaal nei hûs stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)