Man lit hûs fol gas rinne

22 des 2011 - 10:34

In 54-jierrige Ljouwerter is woansdei oppakt foar besykjen ta brânstifting. De plysje krige in melding dat de man yn syn wenning oan De Anjen it gas iependraaid hie. It hûs rûn dêrtroch fol mei gas. Doe't de plysje oanbelle, die de man iepen mei in sigaret yn de mûle.

Neffens de brânwacht hie der in tige swiere eksploazje plakfine kinnen. De Ljouwerter is oanholden en fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)