Man is lilk op de maatskippij

13 maaie 2008 - 11:03

In 47-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oanhâlden op fertinking fan it fernielen fan in auto yn Ljouwert.

Tsjûgen seagen dat de man trije dûken skopte yn de auto dy't parkeard stie op de Stasjonswei. Se ynformearden de plysje en dy hat de man oanhâlden. De fertochte ferklearre dat hy lilk wie op de maatskippij. De auto is eigendom fan in 36-jierrige man út Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)