Man licht fersekerders op

04 maaie 2010 - 10:36

In 60-jierrige man út Drachten is oanhâlden omdat er meardere syktekostefersekerders foar mear as tsientûzen euro oplicht hat. De man fersoarge pruken foar sike minsken.

Neffens de regels meie dy minsken twa kear yn it jier in prúk deklarearje. De measte klanten fan de man wisten dat net. Sadwaande krigen sy ien prúk fergoede en struts de fertochte it jild foar de oare prúk op. De saak kaam oan it ljocht omdat ien fan de soarchfersekerders it net fertroude.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)