Man krijt kopstjit yn Harns

05 nov 2006 - 15:26

In 33-jierrige man út Frjentsjerteradiel is sneontejûn mishannele yn in hoarekagelegenheid yn it sintrum fan Harns. Hy krige in skeel mei in bekende fan him. Dy soe hântaastlik west ha nei de frou fan it slachtoffer.

Doe't er de man foar de twadde kear warskôge krige er in kopstjit. De fertochte is troch besikers de saak útwurke. It slachtoffer is mei in holleferwûning nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)