Man krijt klappen yn Snits

24 sep 2011 - 14:05

In 35-jierrige Ljouwerter is freedtenacht op de Kruizebroederstrjitte yn Snits mishannele. Twa ynwenners fan Snits binne hjirfoar oanholden.

It slachtoffer koe ien fan de Snitsers en wist dêrom in dúdlik sinjalemint te jaan. Op basis fan dizze ynformaasje waarden de manlju oantroffen yn de wente fan ien fan beide. De Ljouwerter moast him oan syn ferwûnings behannelje litten yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)