Man krijt klappen yn Ljouwert

18 maaie 2008 - 09:47

De plysje hat fjouwer Ljouwerters fan 17 oant en mei 21 jier oanholden foar mishanneling. Sy hiene neffens in oantal tsjûgen in 23-jierrige ynwenner fan Frjentsjer sneontemoarn betiid oanfallen neidat dy de namme fan de fuotbalclub FC Grins roppen hie.

De man krige klappen en fûl op 'e grûn. Dêrnei waard er noch in oantal kearen skopt. Op oanwizing fan de tsjûgen koene de Ljouwerters oppakt wurde. It slachtoffer is troch in dokter holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)