Man komt ûnder shovel

15 apr 2004 - 00:00

By wurksemheden op in pleats yn Kubaard is in man ûnder in shovel kommen. De shovel kaam út in kuilbak. De 60- jierrige bestjoerder miende dat de man mei de boer yn 'e stal wie. Pas op it lêste momint seach er in holle foar it rjochtertsjil. Mar doe wie it al te let en waard de man oerriden.

Under begelieding fan in plysjemotor is de man yn in ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)