Man komt om by ûngelok Oerterp

30 mrt 2013 - 10:58

In 24-jierrige man út Oerterp is sneontemoarn om it libben kaam by in iensidich ûngelok op Selmien-West by syn wenplak. De bestjoerder ferlear yn in bocht de macht oer it stjoer en ried mei folle snelheid de beammen yn. Doe't de helptsjinsten op it plak fan it ûngelok kamen wie de man al ferstoarn.

De dyk hat in oantal oeren ôfsletten west yn ferbân mei it spoare-ûndersyk. In berger hat de auto ôffierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)