Man komt om by Skier

24 jul 2006 - 14:37

In 55-jierrige ynwenner fan Dongeradiel is snein om it libben kaam foar de kust fan Skiermûntseach. De man wie mei in maat fanút Lauwerseach mei de sylboat ôfset om in rûntsje om it eilân te meitsjen. Oan de noardkant fan Skier gie de man yn it wetter om nei it strân te swimmen. Hy waard doe net goed.

Boatsjeminsken hawwe de man út it wetter helle. Op it strân is besocht him te reanimearjen mar dat slagge net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)