Man komt om by sjitynsidint yn Ljouwert

09 nov 2015 - 06:11

In 47-jierrige Ljouwerter is moandeitemoarn omkaam by in sjitynsidint yn de Ayttasteech yn Ljouwert. De man skeat him sels yn de holle. Hy rekke dêrby earst slim ferwûne en ferstoar letter yn it sikehûs.

In bewenner hearde om kertier foar fiven in skot en seach it slachtoffer op strjitte lizzen. It pistoal lei neist de man. De plysje hat de steech moandeitemoarn foar in part ôfsletten om ûndersyk dwaan te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)