Man klimt op dak foar plysje

18 jan 2013 - 10:57

De plysje hat tongersdei mei de grutste muoite in ynwenner fan Deinum oppakt. De man soarge foar in soad oerlêst, trochdat er bot raasde, de muzyk hiel lûd hie en flessen stikken smiet. Omwenners warskôgen de plysje.

Doe't dy der kaam, woe de man har der net ynlitte. Hjirnei klom er op it dak fan syn hûs. Fia it dakrút besocht de plysje him dêrwei te praten, mar dat slagge net. Hy sloech in plysjefrou yn it gesicht en skopte tsjin in ljedder oan dêr't in oare plysje op stie. Uteinlik moast pepperspray brûkt wurde om de man oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)