Man klem mei foet ûnder trekker

03 jan 2007 - 12:04

Yn Oasingahuzen by Heech hat de brânwacht tiisdei in man (41) ûnder in trekker weihelle. Hy siet fêst mei de foet. De man wie by in pleats hout oan it kliuwen en brûkt dêrby in lytse trekker.

Op in stuit rûn er nei de trekker en sette er him yn de fersnelling. It ding begûn te riden en de man dy't achter ien fan de tsjillen stie, kaam klem te sitten mei de foet. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)