Man klapt op bylzen

10 nov 2008 - 09:47

In 35-jierrige man út De_Knipe is sneintejûn yn syn wenplak ferwûne rekke doe't er in dykôfsetting oer de holle seach.

De man ried op de Sechtjinroeden yn 'e rjochting fan Tsjalbert. De dyk wie foar in part ôfset mei bylzen. De man seach de bylzen te let en botste der fol tsjinoan. Troch de klap kaam it stjoer yn syn boarst. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)