Man 'ken' moardner Vaatstra

14 jan 2010 - 13:47
  • Marianne Vaatstra waard ombrocht yn in greide by Feankleaster

In man út IJmuiden seit dat er wit wa't mooglik Marianne Vaatstra om it libben brocht hat, yn 1999. De man seit dat er yn Noarwegen mei in man yn in sel sitten hat, dy't neffens him mooglik mear wit fan de moard. De selmaat hie adressen fan minsken út Kollum en De Westereen yn syn aginda. En hij like ek op in opspoaringsfoto.

It Iepenbier Ministearje ken it ferhaal. It Cold Caseteam sil mei de man prate, mar wannear't dat wêze sil is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)