Man jout gjin foarrang oan plysje en moat auto ynleverje

08 mrt 2016 - 08:37
  • Ferkearsboerd

In 24-jierrige Ljouwerter automobilist is moandeitemiddei tsjin de lampe rûn om't er in plysje-auto gjin foarrang joech. Dat barde op de J. Binckestrjitte yn Ljouwert.

By de kontrôle fan de plysje, dy't folge op de oertreding, die bliken dat de Ljouwerter hielendal gjin rydbewiis hie. Om't it net de earste kear wie dat de man hjirop betrape waard, hat de plysje syn auto yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)