Man jout falske identiteit op

21 nov 2005 - 09:29

De plysje skreau yn de nacht nei snein in bekeuring út omdat in auto parkeard stie op in ynfalideplak yn Ljouwert, wylst de auto gjin ynfalideparkearkaart hie. De bon wie hast útskreaun, doe't in man by de auto kaam.

Uteinlik joech de man ta dat er de eigner fan de auto wie. Hy hie drank op en de plysje skreau in rydferbod út. De man joech hjirby in falsk adres op. De man, in Urker sa die letter bliken, is doe oanhâlden en oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)