Man hinderet ambulânse

15 aug 2011 - 07:09

In 40-jierrige man út Utert is sneon oanhâlden om't er op de A7 yn Fryslân en Grinslân foar en achter in ambulânse oan ried. De ambulânse ried mei in gong fan 160 kilometer yn de oere fan De Jouwer nei it sikehûs yn Grins en hie de sirene oan.

Pas by De Gordyk gie de man oan de kant, mar bleau achter de ambulânse oan riden. By De Like yn Grinslân waard de man troch de plysje oan de kant set. Neffens de man moast er yn Grins wêze en skeat dat lekker op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)