Man Haulerwyk slim ferwûne

03 nov 2009 - 15:42
  • De auto waard folslein fernield (foto: Harm Meter)

In man fan 25 jier út Haulerwyk is tiisdeitemoarn slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Nieuw Roden yn Drinte. Nei alle gedachten hat de man de bocht te krap nommen en is er tsjin in beam oanbotst. Hy waard út de auto wei slingere.

Mei swiere ferwûnings oan skonk, holle en boarst is de Haulerwykster oerbrocht nei it Akademysk Sikehûs yn Grins. Syn auto waard folslein fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)