Man hat stroomstjitwapen

08 aug 2010 - 14:09

Yn in ytgelegenheid oan de Noardkade yn Drachten is sneintemoarn in 19-jierrige man út dat plak oanholden omdat er in ferbean wapen yn besit hawwe soe. Plysjes seagen hoe't ien ûnder it healsletten rollûk wei in stroomstjitwapen aktivearre.

Yn it kafee bliek ien man te sitten dy't ûntkende dat er in wapen by him hie. Yn de prullebak waard lykwols it stroomstjitwapen fûn. De man is oanholden en oerbrocht nei it buro. It wapen is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)