Man hat fjoerwapens yn hûs yn Ljouwert

30 nov 2015 - 10:12
  • Wapen

De plysje yn Ljouwert hat sneintemiddei in 28-jierrige man út Capelle aan den IJssel oanhâlden om't er twa fjoerwapens en munysje yn 'e hûs hie. De man wennet tydlik yn in hûs yn it Valeriuskertier. De plysje gie snein nei de wenning ta fanwege in melding oer in rûzje.

Doe't de plysjes de wenning tochsochten fûnen se de twa fjoerwapens en munysje. Se hawwe it sjitark yn beslach naam. De man sit fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)