Man fynt wapen yn fytstas

20 jul 2011 - 16:12

De plysje yn Wolvegea siket in âldere man dy't sneon in wapen fûn yn syn fytstas. De man stapte út de trein en pakte de fyts dy't op it stasjon stie. Doe fûn er it wapen. Hy melde him yn in winkel. De winkelman sei dat er kontakt opnimme moast mei de plysje, mar foar't dy kaam, wie de man fuort.

It is ûnbekend wa't de man is en wêr't it wapen is. De plysje hâldt der rekken mei dat it wapen fan in jonge (19) út Utrecht is. Dy is freed nei stellerij yn Wolvegea oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)