Man frijsprutsen fan geweld tsjin jongerein yn Aldlemmer

16 des 2014 - 16:39
  • Oanhâlding

In man fan 33 jier dy't ein augustus troch de plysje oanholden is foar bedriging, is troch de rjochter frijsprutsen. De man waard derfan fertocht dat er yn Aldlemmer in pear jongeren mei in gewear bedrige hie.

By it ferhoar troch de rjochter en by de sitting mei dêrby tsjûgen, die bliken dat it ferhaal dochs wat oars wie as yn earste ynstânsje tocht waard. Ek in syktocht nei it wapen dat brûkt wêze soe troch de fertochte, smiet neat op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)