Man freget om bankrekkennûmers

28 apr 2004 - 00:00

Klanten fan Essent moatte op har iepenst wêze as in man oan 'e doar it ferhaal docht dat se noch jild tegoede hawwe fan it enerzjybedriuw. De man freget dêrby om it bankrekkennûmer.

De enerzjymerk is frijjûn en der binne in soad kapers op de kust dy't nije klanten binnenhelje wolle. It bedriuw Durion, dat bekend stiet om syn agressive klantewinning, ûntkent minsken by de doarren del te stjoeren. Sy ferkeapje allinnich oer de telefoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)