Man foarkomt ynbraak H'fean

30 jan 2013 - 10:58
  • Ynbraak

In alerte buertbewenner hat tiisdeitejûn op It Hearrenfean nei alle gedachten in ynbraak foarkomme kinnen. De man liet de hûn út en seach in ûnbekende man yn de tún oan it Dalkruid stean. Dy man skrok en rûn nei achteren. De buertbewenner gie op ûndersyk út. Hy seach letter twa manlju en frege wat se dêr dienen. It duo joech gjin dúdlik antwurd en naaide doe út. De man mei de hûn belle de plysje en dy sette de wyk ôf. Fia Burgernet sochten mear minsken mei, mar it duo is net mear oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)