Man filmet frouljusbillen

30 apr 2012 - 10:19

In man (50) út Ljouwert hat in boete krigen foar it filmjen fan frouljusbillen. De man soe op 'e Nijstêd yn Ljouwert it achterwurk fan ferskate froulju filme hawwe. De freon fan ien fan dy froulju luts by de plysje oan 'e belle doe't er seach dat de man de billen fan syn freondinne siet te filmjen.

De plysje hat de man trapearre doe't er op de Wurdumerdyk oan it filmjen wie en him in proses-ferbaal jûn. Op de geheugenkaart fan syn filmkamera stiene 60 filmkes. De plysje hat de kaart yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)