Man fêst yn masine Dronryp

15 jan 2010 - 12:28

By Friesland Campina yn Dronryp hat him freed in slim bedriuwsûngelok foardien. In 44-jierrige wurknimmer út Stienwyk kaam yn it pikellokaal fan it fabryk mei syn skonk fêst te sitten tusken twa rinnende bannen.

It is noch net dúdlik hoe't dat gebeure koe. Helptsjinsten ha in skoft dwaande west om de man te befrijen. Hy is úteinlik nei it sikehûs brocht. Kollega's fan de man binne opfong troch slachtofferhelp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)